5 maart is de 64e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 65e). Der folgje noch 301 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
1496 - De Genuees Giovanni Caboto, of John Cabot sa 't hy yn de Ingelsktalige wrâld neamd wurdt, begjint in ûntdekkingsreis. Cabot hie it earder besocht by it Spaanske en Portugeeske hof, dêr seagen se der neat yn. Mar yn Engeland wit hy kening Henry VII safier te krijen dat dizze tastimmming jout. Cabot set ôf mei 18 bemanningsleden. It doel, Japan of Sina, wurdt net berikt (hoewol Cabot dat wol tinkt). Ynstee dêrfan berikt Cabot by syn twadde reis yn 1497Noard-Amearika.