1953 is in gewoan jier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1953.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1950-er jierren.
Foarfallen
- 3 jannewaris - De premiêre fan it toanielstik Wachtsjen op Godot, fan Samuel Beckett.
- 31 jannewaris - De Wettersneedramp, feroarsake troch in kombinaasje fan springtij en noardwesterstoarm, feroarsaket seedyktrochbraken yn ferskate lannen oan 'e Noardseekust, mar benammen yn Nederlân, dêr't de hiele provinsje Seelân der hast ûnder strûpt. Yn Seelân, Súd-Hollân en Noard-Brabân falle 1.835 deaden. Yn it Feriene Keninkryk, dat ek slim te lijen hat, falle 307 deaden.
- 5 maart - Josef Stalin, de lieder fan 'e Sovjet-Uny, komt te ferstjerren. Neitiid makket syn opfolger Nikita Chrûsjtsjov skjin skip mei it stalinisme yn in proses fan 'destalinisaasje'.
- 29 maaie - De Nijseelânske berchbeklimmer Edmund Hillary en de Nepaleeske berchgids Tenzing Norgay berikke as earste minsken de top fan 'e Mount Everest, de heechste berch fan 'e wrâld.
- 17 juny - Yn 'e DDR brekt de Juny-opstân út, in folksrebûlje fan ûntefreden arbeiders, dy't troch de Sovjet-besettingsmacht bloedich delslein wurdt.
- 19 juny - Fûad, de lêste kening fan Egypte wurdt ôfset. De Frije Ofsieren, in militêre gûnta dy't efter de skermen al sûnt july 1952 de macht yn 'e hannen hie, formalisearret syn bewâld. It lân wurdt in republyk en generaal Mohammed Nagyb wurdt de earste presidint fan Egypte.
- 19 juny - It troud pear Julius en Ethel Rosenberg wurdt yn 'e Feriene Steaten eksekutearre foar spionaazje foar de Sovjet-Uny.
- 26 july - In oanfal fan in groepke Kubaanske opstannelingen, ûnder lieding fan Fidel Castro, op 'e Moncada-kazerne by Santiago de Cuba mislearret. Dit is lykwols it begjin fan 'e Kubaanske Revolúsje.
- 27 july - Oan 'e Koreaanske Oarloch komt in ein mei it sluten fan 'e Koreaanske Wapenstilstânsoerienkomst. De grins tusken Noard- en Súd-Koreä leit no nei trije jier fan dea en ferdjer frijwol op itselde plak as tefoaren.
- 8 augustus - De Sovjet-Uny makket bekend as twadde lân de wetterstofbom ûntwikkele te hawwen.
- 20 augustus - Frankryk set sultan Mohammed V fan Marokko ôf en stjoert him yn ballingskip op Korsika. Reden dêrfoar is it oanhâldende oankringen fan 'e sultan op ûnôfhinklikheid fan Marokko, dat in Frânsk protektoraat is.
- 22 oktober - Laos wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 9 novimber - Kambodja wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- desimber - Yn 'e Feriene Steaten wurdt de earste edysje fan it neakenblêd Playboy publisearre.
- 31 desimber - It earste fak fan de A32 wurdt iepene, fan Knooppunt It Hearrenfean oant Haskerdiken.
Berne
- jannewaris
- febrewaris
- maart
- maaie
- juny
- july
- augustus
- septimber
- oktober
- desimber
- datum ûnbekend
- Dave Kehr, Amerikaansk filmkritikus en konservator
Ferstoarn
- 24 jannewaris - Tames Oud, Amelânsk keunstskilder en grafikus (* 1895)
- 28 maart - Jim Thorpe, Amerikaansk atleet (* 1887)
- 9 maaie - Murk Boerstra, Frysk generaal (* 1883)
- 28 maaie - Carl Sweezy, Amerikaansk keunstner (* 1881)
- 18 septimber - Ate Dykstra, Frysk-Amerikaansk politikus (* 1865)
- 18 oktober - Douwe Kalma, Frysk oersetter, dichter en skriuwer (* 1896)
- 12 septimber - Sibe van Aangium (ps. fan Hendrik Steen), Frysk skriuwer (* 1895)
- 9 novimber - Abdûlazyz ibn Saûd, stifter en kening fan Saûdy-Araabje (* 1876)
- 9 novimber - Dylan Thomas, Welsk dichter en skriuwer (* 1914)
- 23 novimber - Reinder Brolsma, Frysk skriuwer en sjoernalist (* 1882)
- 31 desimber - Albert Plesman, Nederlânsk loftfeartpionier (* 1889)
Literatuer
- koarte ferhalen
- toaniel
Films
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1953 fan Wikimedia Commons.
|
|