2015 is in gewoan jier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 2015 . )
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2010-er jierren .
Foarfallen
2015
jannewaris
febrewaris
maart
5 - De Amerikaanske ambassadeur yn Súd-Koreä , Mark Lippert , moat mei stekwûnen nei it sikehûs ta brocht wurde nei't er yn in restaurant yn Seoel oanfallen is troch de mei in mês bewapene Kim Ki-jong .
5 -8 - Yn Irak wurde de ruïnes fan 'e stêden Nimrod , Hatra en Doer-Sjarrûkin , út 'e Aldheid , fernield troch de saneamde Islamityske Steat (IS).
6 - De romtesonde Dawn , fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA , berikt as earste troch de minske makke objekt in baan om 'e dwerchplaneet Seares .
9 - By de helikopterbotsing fan Villa Castelli komme yn noardwestlik Argentynje , by opnamen foar it Frânske realitytillefyzjeprogramma Dropped , twa helikopters yn 'e loft mei-inoar yn botsing. Alle tsien ynsittenden fan beide tastellen komme om, ûnder wa bokser Alexis Vastine , sylster Florence Arthaud en swimster Camille Muffat .
12 - De Nigeriaanske terreurbeweging Boko Haram slút him oan by de saneamde Islamityske Steat (IS), en foarmet dêrfan de 'Westafrikaanske Provinsje'.
13 - De sykloan Pam feroarsaket yn Fanûatû 16 deaden en ferdriuwt 166.000 minsken , de helte fan 'e befolking , fan hûs en hiem. It is de swierste sykloan dêr't Fanûatû ea mei te krijen hân hat.
18 - By de oanslach op it Nasjonaal Museum Bardo yn Tuneezje komme 24 minsken om en reitsje 50 oaren ferwûne .
19 - De Twadde Jemenityske Boargeroarloch brekt út, tusken de sjiïtyske Hûty-rebellen yn it noarden en it soennityske regear yn it suden.
20 - By bomoanslaggen op moskeeën yn 'e Jemenityske haadstêd Sanaä komme 142 minsken om en reitsje 351 oaren ferwûne .
24 - Alle 150 ynsittenden fan it ferkearsfleantúch Germanwings-flecht 9525 komme om as ko-piloat Andreas Lubitz de fleanmasine yn 'e Frânske Alpen moedwillich tsjin in berch oanfljocht om selsmoard te dwaan.
25 - In koälysje fan Arabyske lannen ûnder lieding fan Saûdy-Araabje en de Feriene Arabyske Emiraten ynterveniëarret yn 'e Twadde Jemenityske Boargeroarloch yn Jemen , om foar te kommen dat it troch soenniten dominearre regear fan it lân derûnder strûpt yn 'e striid tsjin 'e sjiïtyske Hûty-rebellen .
april
maaie
juny
july
1 - Grikelân mist yn it ramt fan 'e Grykske Skuldekrisis as earste ûntwikkele lân ea in werombetellingstermyn oan it Ynternasjonaal Monetêr Fûns (IMF).
2 - De fearboat MB Kim Nirvana-B kapseist yn 'e Filipinen , wêrby't 62 minsken omkomme.
4 - De Omgong fan Frankryk giet fan start yn Utert .
5 -13 - Yn it ramt fan 'e Grykske Skuldekrisis sprekt de befolking fan Grikelân him nei mear as in healjier fan demonstraasjes yn in referindum út tsjin 'e troch it bûtenlân opleine besunigingsmaatregels . By nije ûnderhannelings lizze de bûtenlânske machten, yn ruil foar in ekonomysk helppakket dêr't Grikelân net sûnder kin, by wize fan straf foar it referindum noch wredere besunigingsmaatregels op.
9 - De Amerikaanske Famme-eilannen fiere it homohoulik yn.
13 - Porto Riko fiert it homohoulik yn.
14 - De romtesonde New Horizons , fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA , passearret as earste romtesonde op koarte ôfstân de planeet Pluto .
14 - Iraan , de Feriene Steaten , it Feriene Keninkryk , Frankryk , Dútslân , de Jeropeeske Uny , Ruslân en Sina slute it saneamde Joint Comprehensive Plan of Action (better bekend as de 'Iraan-deal'), wêrby't Iraan taseit syn nukleêre programma stil te lizzen yn ruil foar it opheffen fan 'e Westerske sanksjes tsjin it lân .
20 - Yn it ramt fan 'e saneamde Kubaanske Tei knoopje Kuba en de Feriene Steaten foar it earst yn hast in heale iuw wer diplomatike betrekkings oan.
20 - By in bomoanslach troch de saneamde Islamityske Steat (IS) yn 'e Turkske stêd Suruç komme 33 minsken om en reitsje 104 oaren ferwûne . De slachtoffers binne foar it meastepart studinten .
24 - Yn reäksje op 'e bomoanslach yn Suruç set Turkije útein mei in rige bombardeminten op posysjes fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) yn Syrje en fan 'e Koerdyske ôfskiedingsbeweging PKK yn súdeastlik Turkije en Irak .
augustus
septimber
oktober
novimber
desimber
Berne
Ferstoarn
jannewaris
febrewaris
maart
2 - Rense Westra , Frysk akteur (* 1946 )
9 - Camille Muffat , Frânsk swimster (* 1989 )
9 - H.H. ter Balkt , Nederlânsk dichter (* 1938 )
19 - Marilyn Durham , Amerikaansk skriuwster (* 1930 )
19 - Hendrik Jan Broekstra , Nederlânsk pianist (* 1924 )
19 - Gerda van der Kade-Koudijs , Nederlânsk atlete (* 1923 )
23 - Lieuwe Pietersen , Frysk skriuwer, learaar en sosjolooch (* 1928 )
26 - Tomas Tranströmer , Sweedsk dichter en oersetter (* 1931 )
30 - Ingrid van Houten-Groeneveld , Nederlânsk astronome (* 1921 )
april
maaie
juny
4 - Albert West , Nederlânsk sjonger (* 1949 )
7 - Christopher Lee , Ingelsk akteur (* 1922 )
9 - Fred Anton Maier , Noarsk reedrider (* 1938 )
15 - Mighty Sam McClain , Amerikaansk sjonger (* 1943 )
20 - John Eskes , Frysk muzikant, dirigint en komponist (* 1951 )
23 - Thé Lau , Nederlânsk sjonger (* 1952 )
27 - Boris Sjilkov , Russysk reedrider (* 1927 )
28 - Wiebe Bergsma , Frysk histoarikus (* 1955 )
30 - Jan Lukas Eggens , Nederlânsk politikus (* 1943 )
july
augustus
septimber
oktober
novimber
desimber
bisten
Literatuer
romans
Tanya Huff , An Ancient Peace
Patricia Briggs , Dead Heat
N.K. Jemisin , The Fifth Season
Jo Walton , The Just City
Jo Walton, The Philosopher Kings
Jean Johnson , The Terrans
Julie E. Czerneda , This Gulf of Time and Stars
Jean Johnson, The V'Dan
C.J. Cherryh , Tracker
Anne Bishop , Vision in Silver
novelles
ferhalebondels
Films
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 2015 fan Wikimedia Commons .